It âfroune jier krigen in oantal doarpsgenoten te krijen mei dizze sykte en it lyke de organisaasje goed ta om hjir wat foar te dwaan. Reade triid wie dizze jûn Gerrit de Vries. Hy is noch mar 12 jier en wurdt no al konfronteare mei dizze sykte. It is in merakel te sjen hoe’t Gerrit mei syn âldelju de striid tsjin hersenkanker oangongen is. Hy wie foar ús dan ek de ambassadeur fan Stophersentumoren.nl en sa hat hy justerjûn ek akteerd. Alle respekt Gerrit en gean sa troch!

Fjirders binne der noch in oantal hichtepunten fan de jûn te beneamen:

-de iepenbare skoalle De Lytse Terp helle mar leafst € 1851 op! 

-in oantal haadklassekeatssters rûnen mei Lusanne Klaver mei foar har heit Wopke.

-Abe Posthumus wie der ek by betrokken troch de útslachen by te hâlden.

-Susanne Berk, ek âldpatient, draafde de 5 kilometer mei.

-De winnaar bij de dames op de 10 kilometer Iris van Schepen fertelde dat sy mei die foar har suster dy’t ek patient is.

Al mei al yndrukwekkende mominten dy’t dizze jûn bysûnder makken. Sa wie ek it optreden fan ús musykferieniging Oranje prachtich. Sy hiene oanbean om dizze jûn op te fleurjen en  spylen wer as fanâlds, wat in hiele spesjale sfeer joech.

Oh ja, der wienen in lytse 500 dielnimmers en der wie ek in hiel soad publyk. Neidetiid wie der noch in moaie neisit.

Al mei al in prachtige jûn mei in beladen ûnderwerp. Ek wol de organisaasje de sponsors noch efkes beneame, dat wienen Oranje Nationaal, Dagwinkel Minnertsga en transportbedrijf Van der Vlas. Tank foar jimme belutsenheid.

As lêste koe de organisaasje bekend meitsje dat mar leafst € 5300 byelkoar rûn en kuiere is.  Wat in geweldich resultaat!

 

De organisaasje.

 

riedex.jpg

Wie is online

We hebben 10 gasten en geen leden online

JavaScript draait niet of heeft een fout gerapporteerd.

Log in

Binnenkort

Geen gebeurtenissen gevonden
loader

jubileum boek

Menu

Twitter VVM

Go to top